Paul van Dijk schrijft, illustreert en maakt muziek.

Boeken

Renske wol stoer Wêze

Renske is krekt ferhuze. It slagget har mar net om freonen te meitsjen. Pake Marius jout rie. Mar kin Renkse eins wol wat mei dy rare advizen van Pake? En wat hat dat mysterieuze boek der mei te krijen?

“Werkenber foar de doelgroep [...] fraaie Toondereske tekeningen” (de Moanne)

“Ik denk dat kinderen buiten Friesland dit boek ook erg zullen waarderen.” (Magictales.nl)

Hier te krijgen.

De Kening fan Juster

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan... Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it lân fan Juster te wurden. No't de âlde Kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske. As Renske op in dei op it hûs fan Pake past, stiet der in geheimsinnige man op 'e stoepe. Fan dat momint ôf sil neat mear itselde wêze... De Kening fan Juster is een spannend ferhaal oer jaloezy en freonskip.

“Fryslân hat in Paul van Loon fûn” (Friesch Dagblad)

“Fan Paul van Dijk sille bern gau mear lêze wolle” (Friesch Dagblad)

“Wat in wûnderlik ferhaal is it” (Tante Tjits.nl)

“Opnij in knap en spannend boek” (Boekenbijlage.nl)

Hier te krijgen.

De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Yn it libben fan Hindrik Bûter sit hielendal gjin aventoer. Hy wennet yn in gewoan hûs, yn in gewoane strjitte en hy hat in gewoane famylje. Elke dei yt er dopearten en hy giet noait op fakânsje. Op in nacht winsket Hindrik dat er wat bysûnders meimeitsje wol. En dan fynt er in toeter. Samar. In wûndertoeter!

“It lêst as in trein” (Friesch Dagblad)

“It fakansjeferhaal fan de famylje Bûter is hilarysk” (Leeuwarder Courant) **** stjêren.

Hier te krijgen.
webdesign: AF Design
© 2015 Paul van Dijk Contact