Paul van Dijk schrijft, illustreert en maakt muziek.

Nieuws

Dichtbondel foar folwoeksenen - Famke fan snie

It duorret net lang mear: 25 maart ferskynt myn earste dichtbondel foar folwoeksenen.
De bondel hat as titel

Famke fan snie

In grut part fan de gedichten gean oer it ferlies fan ús dochterke. Oare ûnderwerpen binne de Súdwesthoeke, de bosk, keunst en muzyk. 

Ik sil de bondel op snein 25 maart presintearje yn Warkum. 
Lokaasje: Hoek van de stal, súd 154
Tiid: 15.00 oer

De middei sil in cross-over wurde fan gedichten en muzyk. Bin in oantal gedichten haw ik eigen komposysjes makke. Tegearre mei Jurjen Faber, Thys Wadman, Jan Hoekstra, Pieter Feenstra en Rudy Lobisch sille we sykje nei de konneksjes tusken muzyk en fers.
Jitske Draijer sil jazz sjonge.

De bondel is dizze middei fansels te krijen en fan 25 maart ôf ek by de measte Fryske boekwinkels. 
www.afuk.nl

Reuzen, skriuwprosedueres en in kollum

Stadichoan stappe we febrewaris yn. It jier 2017 hat oant no ta in soad foar my yn 't fet.

Op it stuit bin ik yn 'e mande mei Jurjen Faber drok dwaande mei it skriuwen fan it skript foar in Iepenloftspul fan de twillingdoarpen Top en Twel. It stik sil de titel 'de Striid' krije. Trije reuzen hawwe de haadrollen. 

...
Hjoed (9-2-2017) wie ik op de 'VanderCapellen' skoalmienskip yn Zwolle om te fertellen hoe't jo no einliks in ferhaal skriuwe moatte. Net dat ik de wiisheid yn pacht haw, mar ik koe yn elts gefal oer myn eigen prosedueres fertelle. Yn harren lessen Ingelsk wurdt fan dizze learlingen ferwachte dat se oan 'e ein fan it jier in ferhalebondel (yn it ingelsk!) klear hawwe. De learlingen  wienen o sa entûsjast en hawwe de hiele les ingelsk praten. Boppedat moatte se yn 'e tarieding foar dizze lessen in protte lêze. Soe dit dan it aai fan Columbus wêze wat it ûnderwiis nedich hat? En soe dit de bern wer oan it lêzen en oan it skriuwen krije? Oan harren besiele leraren sil it yn elts gefal net lizze.

...
Juster haw ik myn tredde kollum foar it blêd 'Heit en Mem' opstjoerd. Hoopje dat it nei it sin is.
Sa gau't ik it publisearje mei...stiet er op dizze blog. 

...
Underwylst wurdt it edukaasjefilmke dat ik mei Lotte MIddendorp makke haw al brûkt yn Warkums Erfskip. Yn it filmke komt Hindrik der achter dat it meitsjen fan in sparpot net samar wat is! 

...
Ynkoarten ek mear oer de Knûkel-foarstelling 'it Feestbist'. Hy is takomme jier wer te sjen!.

Priizen, feestbisten en griene bargen

Fan septimber ôf haw ik wurke oan de teatertekst fan ‘it Feestbist’ in nije foarstelling fan Teatergroep Knûkel. It Feestbist hat de hiele dei troch feestjes, mar ferjit om syn buorfrou te tinken, dy’t fan rêst hâldt. As der troch in gemiene streek fan de buorfrou gjinien op it feestje fan it Feestbist komt, Ai….


Ôfrûne hjerstfakânsje wie de premjêre by Merakels yn Nijlân.
Der wienen in soad bern, mear dan ferwachte, en it stik kaam goed oer.
Dit is in foto fan it Feestbist. Earne oan de sydkant sit de live-band.
It Feestbist waard spile troch de immer fleurige Jan Hoekstra en Renske de Roos liet as 'de buorfrou' wer in oare kant fan har alsidige talint sjen. Yn 'e Feestband sieten de stadich trochtokkeljende Jurjen Faber, spile Rudy Lobisch fenomenale saksofoansolo's en wienen de roffels en de rommels fan Pieter Feenstra.


En doe wie der noch de útrikking fan de Rely Jorritsma-priis op 1 oktober. Ik bin gek op it skriuwen fan gedichten en wie dêrom ek hiel bliid dat ik foar it fers ‘etude yn ‘e rein’ de priis krige.

Yn ‘e simmerfakânsje krige ik in brief thús mei de utslach. De utrikking wie yn Weidum. Bysûnder om sa’n priis te krijen, moaier fûn ik miskien noch wol dat myn beppe fan 92 jier der ek by wêze koe. 

Hjir lês ik it gedicht foar mei prachtige piano begelieding fan Hein Jaap Hilarides.



Foar in edukaasjefilm fan Museum Warkums Erfskip haw ik ek wer ris sels as poppespiler meidien. Ik haw yn de Knûkelstikken ‘RWSW’ en ‘De Poets…’ as poppespiler meiwurke, mar dêrnei wie ik foaral regisseur en muzikant. Moai om wer te dwaan.

De edukaasjefilm giet oer Hindrik Bûter dy’t syn baarch (sparpot) stikken falle lit en op allerhanne manieren besiket om oan in nij barchje te kommen. De makker fan dizze sparpotten lit sjen hoe’t sa’n baarch fan in hompe klaai yn in sparpot feroaret.
Ik hoopje dat ik ynkoarten noch wat fan dit projekt sjen litte mei.

Op dit momint bin ik dwaande mei gedichten. Dy skriuw ik hiel stadich, hiel oars dan by in berneboek. Ik wit net wat dat is, kinst it skriuwen fan in gedicht net ôftwinge. Der borrelet ek in ferhaal foar in printeboek. Ek in nij métier foar my, it skriuwen fan sa’n boek giet hast like hurd as in gedicht.

Myn soan ropt. Hy hat bûten in kabouter sjoen.

Cd omslag en optreden Kinderboekendag

Ik ga jullie wat vertellen over twee dingen die niets met elkaar te maken hebben. Maar dat is het leuke als je meerdere dingen doet.
Op de laatste dag van de kinderboekenweek hebben we met theatergroep Knûkel twee keer 'de Wûndertoeter' gespeeld in de buorkerij in Terherne. Traditioneel wordt daar altijd de kinderboekenweek afgesloten. Er zijn diverse optredens en activiteiten verdeeld over het Kameleondorp. We hebben twee keer voor een bomvolle zaal gespeeld. Het was vooralsnog het laatste optreden van deze voorstelling. Na zo'n dag voelt het altijd vreemd. Was dit echt de laatste keer dat we in Flechtwerd rondliepen, samen met Hindrik, Botte, master Gerard, Melle en Femke? 


...
Voor troubadour Jan Nota maakte ik de omslag van zijn nieuwe cd 'Blinder'. Een drieluik. In het hele schilderij zijn figuren, situaties uit zijn liedje verstopt. De zanger was verguld met het resultaat. Het schilderij komt op zijn muziekkamer te hangen. (acryl op illustratiekarton)

...
Ondertussen ben ik weer begonnen met het schrijven van een verhaal. Het voelt goed om weer met een project te starten. Zodra ik hier iets over kan melden, hoor je het via deze blog!

Optredens oktober

Ik haw it de ôfrûne tiid drok hân. Twa muzikale optredens yn it Jopie Huisman museum, in tv-optreden yn Bynt fan Omrop Fryslân en in skoaloptreden yn Reahús. Trije hiel ferskillende dingen, dat...ik moast de holle der goed by hâlde.

It optreden yn Bynt hiel leuk om te dwaan. Bynt hat in skerpe redaksje dy't ticht op de aktualiteit sitte en dêrom faak op it lêste momint gasten freegje. Moaie gesprekken oan tafel. Allinne waard ik in kertier foar de útstjoering noch frege oft ik it ferske dat ik tarieden hie, ek even wat ynkoartsje koe. Ik bin bliid dat ik myn teksten net trochelkoar helle haw!

De optredens yn 'it Jopie' wienen ek in feest. Mei Jurjen, Jan, Pieter en Rudy muzyk meitsje is al geweldich. As it dan ek noch eigen muzyk is, dan wurdt it hielendal leuk. It wie in optreden mei in soad ynteraksje mei de bern. Wy hawwe in soad entûsjaste reaksjes hân...wy moatte no echt in toernee planne.

(Op de foto Hidde, dy't in kado útpakt foar Fioel: in toskeboarstel...)
De minsken dy't berjochten dield hawwe op facebook en twitter wol ik betankje. Ek de minsken dy't de tiid nommen hawwe om by de optredens yn it Jopie Huisman museum te wêzen: tige tank!
Kommend wykein, 18 oktober, steane wy mei Teatergroep Knûkel op de Kinderboekendag yn Terherne. Wy spylje dan twa kear it muzykteaterstik 'de Wûndertoeter'.
It optreden begjint op healwei twaen. Wy spylje yn 'de Pleats'.

Toon meer posts

Login

webdesign: AF Design
© 2015 Paul van Dijk Contact