Paul van Dijk schrijft, illustreert en maakt muziek.

Nieuws

Reuzen, skriuwprosedueres en in kollum

Stadichoan stappe we febrewaris yn. It jier 2017 hat oant no ta in soad foar my yn 't fet.

Op it stuit bin ik yn 'e mande mei Jurjen Faber drok dwaande mei it skriuwen fan it skript foar in Iepenloftspul fan de twillingdoarpen Top en Twel. It stik sil de titel 'de Striid' krije. Trije reuzen hawwe de haadrollen. 

...
Hjoed (9-2-2017) wie ik op de 'VanderCapellen' skoalmienskip yn Zwolle om te fertellen hoe't jo no einliks in ferhaal skriuwe moatte. Net dat ik de wiisheid yn pacht haw, mar ik koe yn elts gefal oer myn eigen prosedueres fertelle. Yn harren lessen Ingelsk wurdt fan dizze learlingen ferwachte dat se oan 'e ein fan it jier in ferhalebondel (yn it ingelsk!) klear hawwe. De learlingen  wienen o sa entûsjast en hawwe de hiele les ingelsk praten. Boppedat moatte se yn 'e tarieding foar dizze lessen in protte lêze. Soe dit dan it aai fan Columbus wêze wat it ûnderwiis nedich hat? En soe dit de bern wer oan it lêzen en oan it skriuwen krije? Oan harren besiele leraren sil it yn elts gefal net lizze.

...
Juster haw ik myn tredde kollum foar it blêd 'Heit en Mem' opstjoerd. Hoopje dat it nei it sin is.
Sa gau't ik it publisearje mei...stiet er op dizze blog. 

...
Underwylst wurdt it edukaasjefilmke dat ik mei Lotte MIddendorp makke haw al brûkt yn Warkums Erfskip. Yn it filmke komt Hindrik der achter dat it meitsjen fan in sparpot net samar wat is! 

...
Ynkoarten ek mear oer de Knûkel-foarstelling 'it Feestbist'. Hy is takomme jier wer te sjen!.

Login

webdesign: AF Design
© 2015 Paul van Dijk Contact