Paul van Dijk schrijft, illustreert en maakt muziek.

Nieuws

Priizen, feestbisten en griene bargen

Fan septimber ôf haw ik wurke oan de teatertekst fan ‘it Feestbist’ in nije foarstelling fan Teatergroep Knûkel. It Feestbist hat de hiele dei troch feestjes, mar ferjit om syn buorfrou te tinken, dy’t fan rêst hâldt. As der troch in gemiene streek fan de buorfrou gjinien op it feestje fan it Feestbist komt, Ai….


Ôfrûne hjerstfakânsje wie de premjêre by Merakels yn Nijlân.
Der wienen in soad bern, mear dan ferwachte, en it stik kaam goed oer.
Dit is in foto fan it Feestbist. Earne oan de sydkant sit de live-band.
It Feestbist waard spile troch de immer fleurige Jan Hoekstra en Renske de Roos liet as 'de buorfrou' wer in oare kant fan har alsidige talint sjen. Yn 'e Feestband sieten de stadich trochtokkeljende Jurjen Faber, spile Rudy Lobisch fenomenale saksofoansolo's en wienen de roffels en de rommels fan Pieter Feenstra.


En doe wie der noch de útrikking fan de Rely Jorritsma-priis op 1 oktober. Ik bin gek op it skriuwen fan gedichten en wie dêrom ek hiel bliid dat ik foar it fers ‘etude yn ‘e rein’ de priis krige.

Yn ‘e simmerfakânsje krige ik in brief thús mei de utslach. De utrikking wie yn Weidum. Bysûnder om sa’n priis te krijen, moaier fûn ik miskien noch wol dat myn beppe fan 92 jier der ek by wêze koe. 

Hjir lês ik it gedicht foar mei prachtige piano begelieding fan Hein Jaap Hilarides.



Foar in edukaasjefilm fan Museum Warkums Erfskip haw ik ek wer ris sels as poppespiler meidien. Ik haw yn de Knûkelstikken ‘RWSW’ en ‘De Poets…’ as poppespiler meiwurke, mar dêrnei wie ik foaral regisseur en muzikant. Moai om wer te dwaan.

De edukaasjefilm giet oer Hindrik Bûter dy’t syn baarch (sparpot) stikken falle lit en op allerhanne manieren besiket om oan in nij barchje te kommen. De makker fan dizze sparpotten lit sjen hoe’t sa’n baarch fan in hompe klaai yn in sparpot feroaret.
Ik hoopje dat ik ynkoarten noch wat fan dit projekt sjen litte mei.

Op dit momint bin ik dwaande mei gedichten. Dy skriuw ik hiel stadich, hiel oars dan by in berneboek. Ik wit net wat dat is, kinst it skriuwen fan in gedicht net ôftwinge. Der borrelet ek in ferhaal foar in printeboek. Ek in nij métier foar my, it skriuwen fan sa’n boek giet hast like hurd as in gedicht.

Myn soan ropt. Hy hat bûten in kabouter sjoen.

Toon meer posts

Login

webdesign: AF Design
© 2015 Paul van Dijk Contact