Paul van Dijk schrijft, illustreert en maakt muziek.

Nieuws

Optredens oktober

Ik haw it de ôfrûne tiid drok hân. Twa muzikale optredens yn it Jopie Huisman museum, in tv-optreden yn Bynt fan Omrop Fryslân en in skoaloptreden yn Reahús. Trije hiel ferskillende dingen, dat...ik moast de holle der goed by hâlde.

It optreden yn Bynt hiel leuk om te dwaan. Bynt hat in skerpe redaksje dy't ticht op de aktualiteit sitte en dêrom faak op it lêste momint gasten freegje. Moaie gesprekken oan tafel. Allinne waard ik in kertier foar de útstjoering noch frege oft ik it ferske dat ik tarieden hie, ek even wat ynkoartsje koe. Ik bin bliid dat ik myn teksten net trochelkoar helle haw!

De optredens yn 'it Jopie' wienen ek in feest. Mei Jurjen, Jan, Pieter en Rudy muzyk meitsje is al geweldich. As it dan ek noch eigen muzyk is, dan wurdt it hielendal leuk. It wie in optreden mei in soad ynteraksje mei de bern. Wy hawwe in soad entûsjaste reaksjes hân...wy moatte no echt in toernee planne.

(Op de foto Hidde, dy't in kado útpakt foar Fioel: in toskeboarstel...)
De minsken dy't berjochten dield hawwe op facebook en twitter wol ik betankje. Ek de minsken dy't de tiid nommen hawwe om by de optredens yn it Jopie Huisman museum te wêzen: tige tank!
Kommend wykein, 18 oktober, steane wy mei Teatergroep Knûkel op de Kinderboekendag yn Terherne. Wy spylje dan twa kear it muzykteaterstik 'de Wûndertoeter'.
It optreden begjint op healwei twaen. Wy spylje yn 'de Pleats'.

Login

webdesign: AF Design
© 2023 Paul van Dijk Contact